Folsgeare on-line oftewol de striid foar breedbân ynternet op it Fryske plattelân
De konkurrinsjeslach fan kabelbedriuwen en ynternet-providers om
de breedbân abonnee giet oant no ta folslein oan it Fryske plattelân foarby. Fryslân telt noch mear as 200 doarpen dy't ta frustraasje fan in
groeiende groep bewenners en bedriuwen allinnich noch mar fia de tillefoan djoer en stadich ynternette kinne.
op dizze plakken is ADSL beskikber,
grutte dielen fan it plattelân ha it net |
op dizze plakken is noch gjin breedbân-ynternet beskikber |
Mar dat is dizze hjerst yn heech tempo oan it feroarjen.
Yn tsientallen doarpen besteane inisjativen of om de KPN oer de streek te lűken of om oars mar sels in ynternet-foarsjenning te meitsjen.
Dęrnjonken binne ek de NOM (Noordelijke Ontwikkelings-maatschappij) en de provinsjes Fryslân, Grinslân en Drinte safier dat se besykje wolle
om binnen in jier it plattelân fan Noard-Nederlân te űntsluten foar breedbân ynternet. De provinsjes nimme hjirmei dúdlik ôfstân fan it
besteande ryksbelied dat de merk ferantwurdlik is foar ynternetűntslutings.
Ed van der Beek fan de NOM |
deputearre Bijman is in waarm foar- stanner fan breedbân op it plattelân |
Omrop Fryslân folget yn it programma Folsgeare on-line in stikmannich inisjativen om breedbân op it plattelân te krijen. Douwe
Bosgraaf fan Nijlân is mini-provider wurden yn eigen doarp en is dwaande om nei Nijlân ek buordoarp Folsgeare triedleas oan te sluten op it
wrâldwide web. De doarpen Drylts en Heech en Seisbjirrum besykje it mei in oare strategy; mei hantekeninge-aksjes wurdt besocht om de KPN
oer de streek te lűken om ADSL oan te lizzen yn dy doarpen. It falt foar net al te grutte doarpen lykwols net ta om genôch hantekens te
sammeljen.
Ed Comino foar de tillefoansintrale fan Drylts, dy't oanpast wurdt | Douwe Bosgraaf dwaande mei
it oansluten fan Folsgeare.... |
plakken mei kabelynternet; benammen Noardeast-Fryslân is goed űntsletten |
Douwe Bosgraaf mei syn helptroepen
dwaande yn Folsgeare |
It meast súksesfolle Fryske ynternetbedriuw, Asset Control, sit apart
genôch ek yn in doarp sűnder breedbân-ynternet: Beetstersweach. Asset Control profitearret lykwols fan 'e glęsfezelferbining yn it âlde
plysjeburo en docht súksesfol saken mei grutte banken yn Amearika, Dútslân, Frankryk en Ingelân. Direkteur Ger Rozenkamp fan Asset Control
stipet de striid fan de doarpen en de noardlike oerheden foar breedbân op it plattelân, mar hy warskôget ek foar de gefolgen. ,,Allinnich it
oanlizzen fan breedbân ynternet is űnfoldwaande foar in goed űndernimmersklimaat. Ek mei breedbân-ynternet binne de omstannichheden foar in
ICT-bedriuw net ideaal yn Fryslân.'' Dit programma is makke troch Onno Falkena en Herman Zeilstra.
|
|
|
Nederlân 1, snein 12 oktober, 13.30 oere Omrop Fryslân, snein 12 oktober, 18.00 oere
Nederlân 1, moandei 13 oktober 15.30 oere (werhelling)
|
|
Alle dokumintęres binne
ien dei nei de útstjoering en letter ek on-line
te besjen! |
|